Rutger Fopma wint 1e priis federaasje keatsen yn Jorwert (18 maaie 2011)
By de jongens pupillen steane 13 nammen op de list. Nei in pear drege partijen gie de finale tusken Arnout Meijer en Rutger Fopma tsjin Sefan van der Meer en Luuk van der Schaar.
It like der op dat Arnout en Rutger dat maklik winne soene, want der hongen samar 5 buordsjes oan de telegraaf wylst Stefan en Luuk der mar 2 hiene. Dochs waard it noch hiel spannend,
want Stefan en Luuk kamen poerbêst werom. It waard 5-3, 5-4 en sels 5-5. Yn dat lêste earst mei wikseljende kânsen kamen Stefan en Luuk mei fjouwer om neat foar. Troch de kop der goed by te hâlden kamen Arnout en Rutger op 6-4. Op dy stân sloech Stefan kwea en gie de winst nei Arnout en Rutger. (foto argyf 2010) Utslach 1. Arnout Meijer, Wommels en Rutger Fopma, Mantgum 2. Stefan van der Meer, Baard en Luuk van der Schaar, Wommels
Geplaatst op 25 May 2011